Swamp pop

Swamp pop, Swamp rock ("somperock") of swamp music ("sompemuzyk") tsjut op in rjochting yn de rock, dy't út de súdlike steaten fan de Feriene Steaten komt - benammen út de sompige kontreien fan Louisiana. Yn dy muzyk wurde eleminten út de country, blues, folk en kadjunmuzyk feriene. De muzyk kin ta de kategory 'Amerikaanske folk' rekkene wurde.

Fanwege de komôf fan dizze muzyk is der faak Kajun-Frânsk yn de teksten ferwurke, in taal dy't yn boppe neamde kontreiën fan Louisiana sprutsen wurdt. Der wurdt ek wol fan Roots Rock sprutsen at artysten net út Louisiana komme.

Dêr't in band as Creedence Clearwater Revival mei John Fogerty typyske rockynstruminten brûkte, makke bygelyks de Chenier-famylje de akkordeon ta haadynstrumint yn it sjenre. In oare ferneamde fertsjintwurdiger fan somperock is Tony Joe White.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search